Kaartferkeap Wraak & Gewisse, De fusillade op ’e ryp is los!
donderdag 7 april 2022

Kaartferkeap Wraak & Gewisse, De fusillade op ’e ryp is los!

 

Kaartferkeap Wraak & Gewisse, De fusillade op ’e ryp is los!

 

It is al in skoftke bekend: dit jier bringt it Iepenloftspul Dronryp Wraak & Gewisse, De fusillade op ’e ryp op de planken. En de kaartferkeap foar dit stik is no al los! De premjêre fan Wraak & Gewisse, De fusillade op ‘e ryp fynt plak op 17 juny. De oare spyldata binne: 18, 22, 24 en 25 juny, 1 en 2 july.

 

Wraak & Gewisse, De fusillade op ’e ryp fertelt it ferhaal fan de fusillade bij de Rypster brêge op 11 april 1945 en wat him fierder dizze perioade yn en rûnom Dronryp ôfspile hat. Skriuwer Dick Jansen hat it stik skreaun basearre op ûndersyk en ferhalen fan Rypsters oer de fusillade en de twadde wrâld oarloch. Yn de ferhaalline binne der petearen ferwurke tusken in pake en lytsbern oer de barrens rûnom de fusillade. Yn it stik wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid en de dea elkoar ôf.

 

Underwilens binne de repetysjes, under lieding fan regisseur Theo Smedes, yn folle gong. En efter de skermen wurdt der al hurd wurke om dit jier wer in moaie foarstelling del te setten yn Dronryp.

 

Binne jo der ek nijsgjirrich nei, hoe’t dit opfierd wurdt yn ‘e iepenloft? Bestel no al kaarten fia de webside iepenloftspuldronryp.frl. Dêr kinne jo ek terjochte foar mear ynformaasje.


Kaartverkoop Wraak & Gewisse, de fusillade op’e ryp is los!

 

Het is al een tijdje bekend: dit jaar brengt Iepenloftspul Dronryp Wraak & Gewisse, de fusillade op’e ryp op de planken. En de kaartverkoop is begonnen! De premiere van Wraak & Gewisse, de fusillade op’e ryp vindt plaats op 17 juni. De andere speeldata zijn: 18, 22, 24 en 25 juni, 1 en 2 juli.

 

Wraak & Gewisse, de fusillade op’e ryp vertelt het verhaal van de fusillade bij de Rypster brug op 11 april 1945 en wat zich verder deze periode in en rondom Dronrijp afgespeeld heeft. Schrijver Dick Jansen heeft het stuk geschreven gebaseerd op de verhalen van Rypster over de fusillade en de tweede wereldoorlog. In de verhaallijn zijn gesprekken tussen opa en kleindochter verwerkt over de gebeurtenissen rondom de fusillade. In het stuk wisselen thema’s als liefde, tragiek, humor, vergankelijkheid en de dood elkaar af.

 

Ondertussen zijn de repetities, onder leiding van regisseur Theo Smedes, in volle gang. En achter de schermen wordt er ook al hard gewerkt om dit jaar weer een mooi voorstelling neer te zetten in Dronrijp!

 

Bent u nieuwsgierig hoe dit stuk opgevoerd wordt in de openlucht? Bestel dan nu kaarten via de website iepenloftspyldronryp.frl. Daar kunt u ook terecht voor meer informatie.

 

Naar het nieuwsoverzicht
Top