Iepenloftspul
dinsdag 19 januari 2021

Iepenloftspul

It stik dat dit jier yn Dronryp opfierd wurde soe, giet fanwege de maatregels oangeande it koroanafirus net troch. Dat beslút hat de kommisje fan de stichting Iepenloftspul Dronryp spitigernôch nimme moatten. It is net ferantwurde en ek net helber om no in produksje del te setten.

It doel wie om dit jier in stik oer de Fusillade op ‘e Ryp te bringen. In ferhaal oer de eksekúsje op boargers en fersetslju by de Rypster brêge op 11 april 1945 en wat him fierder dizze perioade yn en rûnom Dronryp ôfspile hat. Hokker opsje de kommisje ek besjoen hat, troch de wet- en regeljouwing yn ferbân mei it koroanafirus slagget it net om foarstellingen te spyljen dy’t rjocht dogge oan it moaie stik dat sy graach delsette wolle.

De kommisje fynt it bysûnder spitich dat der dit jier net in iepenloftspul plak fine kin yn Dronryp, mar is fan miening dat der sjoen de omstannichheden net oan te ûntkommen falt.  In iepenloftspul organisearje kin allinnich as it feilich is foar elkenien en dat is op dit stuit allegearre tige ûnwis.

Nettsjinsteande dizze ûnwisse tiden giet de organisaasje fan it Iepenloftspul Dronryp der fanút dat it stik oer de Fusillade op ‘e Ryp yn 2022 spile wurde kin!

Bliuw sûn en hooplik oant takom jier!

De kommisje fan it Iepenloftspul Dronryp

Naar het nieuwsoverzicht
Top
dronryp.nl sitemap:

Home

Nieuws en agenda

Nieuws

Agenda

Facebook

Website

Dorpsbelang

Dronryp in beeld

Visie en doelstellingen

Bestuur

Ledenadministratie

De Gearfetter

FIER Dronryp

Privacy

Huisartsenpraktijk Dronrijp

Tandartsen

Thuiszorg

Fysiotherapie

Logopedie

Faciliteiten

Divers

Maatschappelijk werk en dienstverlening

Uitvaart

Scholen

Jeugdwerk

Stichting 't Skroefke

MFA d' ald skoalle

Gebruikersruimtes

Overige faciliteiten

Vrijwilligers

Huisregels

Beweegteam

Kerken

Nederlands Hervormde kerk d’ Alde Wite

Rooms-katholieke kerk Maria Geboorte

Goede Doelen

Gemeente

Provincie

Vliegbasis Leeuwarden