Kaartferkeap Turks Fruit is los!
woensdag 13 maart 2019

Kaartferkeap Turks Fruit is los!

Turks fruit fertelt it ferhaal fan de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en Olga. Olga komt úteinlik oan de gefolgen fan in harsentumor te ferstjerren. Skriuwer Dick Jansen rûn al langer mei it idee om, om fan Turks fruit in Frysktalige teaterferzje te meitsjen. Lang om let hat hy it nije stik foar it Iepenloftspul Dronryp skreaun dêr’t sang en live muzyk in wichtige rol yn spylje. It skript is basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en de populêre film fan Paul Verhoeven. Fierder binne der yn de ferhaalline brieven ferwurke dy’t Wolkers skreaun hat yn de perioade fan syn libben wêr’t hy letter it boek ‘Turks fruit’ oer skreaun hat. Yn it stik wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea en hertstocht elkoar ôf.

 

Underwilens binne de repetysjes, under lieding fan regisseur Theo Smedes, yn folle gong. En efter de skermen wurdt der ek al hurd wurke om dit jier wer in moaie foarstelling del te setten yn Dronryp.

 

Binne jo der ek nijsgjirrich nei, hoe’t dizze klassiker opfierd wurdt yn ‘e iepenloft? Bestel no al kaarten fia de webside iepenloftspuldronryp.frl. Dêr kinne jo ek terjochte foar mear ynformaasje.

Naar het nieuwsoverzicht
Top