Bernedeiferbliuw ‘Ringeling’ yn Dronryp behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen
woensdag 2 mei 2018

Bernedeiferbliuw ‘Ringeling’ yn Dronryp behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen

Bernedeiferbliuw ‘Ringeling’ yn Dronryp behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen

 

Bernedeiferbliuw Ringeling yn Dronryp hat it sertifikaat ‘Bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ op ‘e nij behelle. De lokaasje fan Stichting Kinderopvang Friesland (SKF) wurket sûnt april 2006 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Ringeling krijt dêrby begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. Der is omtinken foar 4 ûnderdielen, wêrûnder it pedagogysk taalklimaat en de taalomjouwing. It taalbelied sjocht der by Ringeling as folget út: 4 liedsters prate konsekwint Frysk mei elkenien en 2 liedsters dogge dat yn it Nederlânsk. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

 

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Ringeling op besite west, om te sjen oft der neffens de kritearia fan it twatalich belied wurke wurdt. De kommisje seit oer it pedagogysk taalklimaat ûnder oaren: ‘It pedagogysk taalklimaat foldocht oan de easken foar wersertifisearring fan it Kwaliteitsramt Frysk yn ‘e Berne-opfan. Yn beide groepen prate de liedsters mei waarmte en leafde oer de berntsjes en harren wurk. Ek al binne der in protte lytse bern, der is in rêstige sfear wêryn’t elk, grut en lyts, ta syn rjocht komme kin.’ En oer de taalomjouwing: De liedsters binne sels kreatyf yn it meitsjen fan passend materiaal. Der binne ferskes skreaun op Ingelsk karton en dy hingje oan de muorre. Sa hinget der ticht by de tafel ek in soarte waarkaart. Foardat der fruit iten wurdt, freget Joke hokker waar it is. “Nee, ik sjoch gjin sinne, it reint in bytsje”, en dan wurdt de flinter op de kniper op it fakje mei rein setten. ...  De omjouwing nûget út ta it brûken fan taal en de liedsters dogge harren bêst om de bern prate te litten.’

Afbeelding 2 van fotoalbum 'Bernedeiferbliuw ‘Ringeling’ yn Dronryp behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen'
Naar het nieuwsoverzicht
Top