Dit jier spilet Iepenloftspul Dronryp it stik ‘Manon’
zaterdag 18 maart 2017

Dit jier spilet Iepenloftspul Dronryp it stik ‘Manon’

Kaartferkeap los foar 35ste produksje Iepenloftspul Dronryp

Dronryp - Yn 1981 is it earste iepenloftspul In wyt Boesgroen opfierd yn de gemeente Menameradiel, doe noch ûnder de namme Iepenloftspul Menameradiel. Yn 1994 is dizze namme feroare nei Iepenloftspul Donryp neidat der in fêst spylplak fûn waard oan ‘e Haven yn Dronryp.

Fan 2013 ôf set it Iepenloftspul Dronryp no ien kear yn de twa jier in produksje op de planken. Dit jier de 35ste produksje mei it stik Manon; in bewurking op de twalûk Jean de Florette en Manon des Sources fan de Frânske skriuwer Marcel Pagnol. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes. Hy is mear as10 jier aktyf as freelance-akteur en teatermakker en hat fan 1995 ôf yn ferskate produksjes meispile.

Manon fertelt it ferhaal fan Manon dy't mei har heit en mem út 'e stêd ferhúzje nei it plattelân. Har heit hat in pleats urven en wol in nij libben begjinne as boer. Papet en syn neef Ugloin út it doarp ha harren each ek op de pleats falle litten en stopje stikem de wetterboarne op it hiem ticht. It plan fan Manon en har famylje mislearret dêrtroch op dramatyske wize. As dan nei tsien jier de wierheid foar it ljocht komt, nimt Manon it heft yn eigen hannen en wol se it hiele doarp wreke foar it ûnrjocht dat harren oandien is.

De kaartferkeap is los! De foarstellingen binne op 21, 23, 24 en 30 juny en 1, 7 en 8 july oan ‘e Haven yn Dronryp en begjinne om 21.00 oere. Kaarten foar dizze 35ste produksje kinne besteld wurde fia www.manon.frl.

Naar het nieuwsoverzicht
Top